Wetterskip past keardaam De Gordyk oan fanwege lûdsoerlêst

16 des 2015 - 10:28

Wetterskip Fryslân past de keardaam en it mealsysteem oan fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn it sintrum fan De Gordyk. It wetter rint no noch dwers op de kolk ôf, wêrtroch dat in soad leven jout. Omwenners hawwe der sels lûdsoerlêst fan.

Troch de ôffierskowen te ferpleatsen en de mealpomp te ferfangen, wol it Wetterskip de oerlêst werombringe. It meitsjen fan in nije pomp kostet in soad tiid, dêrom fynt it wurk pas oer in jier plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)