Dolf Verroen skriuwt geskink Berneboekewike 2016

16 des 2015 - 09:13

De 87-jierrige Dolf Verroen fan Sint-Nyk skriuwt it Berneboekewikegeskink foar takom jier. It tema is pakes en beppes, ûnder de titel 'Voor altijd jong'. Verroen wûn al in soad prizen foar syn berneboeken. Sa krige er trije kear de Zilveren Griffel. Ek ynternasjonaal is er ûnderskieden mei de Premio Europeo en de Deutsche Jugendliteraturpreis.

Yn totaal skreau Verroen mear as hûndert boeken. De Berneboekewike 2016 is fan 5 oant en mei 16 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)