Kollum: "Gak, gak"

16 des 2015 - 08:55

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"It wie wol moai. De Ljouwerter Krante app hie it fan 'e wike oer in yn de Twadde Keamer anonym stipe moasje. Twadde Keamerleden binne nea anonym. Oer ûnbelangrike saken bin se hiel inkeld wolris unanym. Bygelyks oer in moasje om de provinsjes te freegjen it oertal oan guozzen net mear te fergassen, mar fuort te jeijen troch te laserjen. Guozzen laserje heart like slim as fergasse, mar dat is it net.

Om it jim sjen te litten gean we nei boer Klaas Krikke yn Sibrandabuorren. Hy sit oan de Bûtlânswei, hy sjocht mear fan Terherne as fan Sibrandabuorren. Heit Arend wie in fergaderboer, siet oeral yn, sels noch foar de VVD yn de steaten. No moat ik earlik sizze dat er him net sa faak in echte VVD-er fielde. Mar ja, hy naam alles wat der wie wol mei. Yn 2013 waard him stikem in laserapparaat troch de doar skood. Brûk dat mar efkes, sei Teeven sêft, en ferdwûn wer. Net oer prate, rôp er noch op de oprit. Arend Krikke hat dat apparaat besocht. As er it oansette giene der wat ljochtflitskes oer it lân. Guozzen sitte ek op dat lân yn grutte ploegen. Dan stean oan de bûtenkant de sterkste mantsjes. Dy frette steande, want se passe op. En as se sa’n laserflits sjogge, roppe se gak gak, en dan fleane se mei syn allen gau fuort. Hinderet neat, fierderop is it Fryske gers ek wer smaaklik.

Mar no wol de Twadde Keamer dat de provinsje soarget dat de buorman fan Krikke ek sa’n ding keapet. Dan kin dy ek moai ljochtflitskes oer syn greide spuitsje en gak gak, dan gean de guozzen wer fierder. Dat is de bedoeling fan de Keamer. Dat wol sizze, se ha no yn dy anonime moasje setten dat it regear de provinsjes omprate moat om de guozzen mei dy laserkes te liif te gean, en net sokke âlderwetske saken út de Twadde Wrâldkriich as bygelyks fergasse of deasjitte te brûken. Dan tinke je dat de provinsje Fryslân der al oer neitinkt, want it stiet al anonym yn de Ljouwerter Krante. Mar nee. Us provinsje hâldt net fan daliks oanpakken. Dy ha noch net in bryfke fan it regear krigen, en sa lang as dat bryfke der net is, sliepe se troch. En it regear hat op dit stuit wol wat oars oan de holle as om bryfkes nei provinsjes te stjoeren. En de provinsje docht fansels ek neat om't Jehannes Kramer ek yn Sibrandabuorren wennet en hieltyd tocht hat dat Klaas Krikke in moaie stille fjurwurkshow oan it tarieden wie foar âldjiersdei. En dy fuortfleanende de guozzen hat er net sjoen, want safolle sitte dêr yn de bûtlannen no ek wer net. Ik kin yn Fryslân wol gruttere guozzefoedselbanken.

Mocht Jehannes wekker wurde, dan krije de guozzen it fansels dreech. Buorman ien laseret se fuort. Dan strike se del by buorman twa, dy stiet ek te laserjen, gak gak fierder fierder. Sa komme se úteinlik by de provinsiale grins. Dan komme se yn Oerisel. Dat is in bytsje sterker gewest as Fryslân, dêr ha se nammentlik al besletten dat se net mear fergasse. Dêr laserje alle boeren. De hiele dei en jûn stean der fan dy laserapparaten te flitsen. Wy tinke dat al dat ljocht út kassen komt, mar nee. Agrarysk laserbehear.

Dan ha de Fryske guozzen in gearkomste. Dêr sizze se: wy weagje it der op. We bliuwe mei in ploechje sitten, as ien fan dy idoaten begjint te laserjen, dan sjoch we wol wat der bart. In ploechje kamikazeguozzen dus. En wat blykt dan? Se kin gewoan sitten bliuwe en trochfrette. Yn de sleatswâl wachtsje al dy oare guozzen en freegje foarsichtich: gak? Gak gak! En bam dêr sit de hiele greide wer fol guozzen, dat Fryske gers smakket wol hûndert kear better as dy tuorre rommel yn Oerisel. Op it hiem stiet in boer yngreven oan it apparaat te skuorren, it flitst om it leven, mar de guozzen bliuwe rêstich sitten en frette. De takomst fan Fryslân: bunders greide fol guozzen dy’t smaaklik ite yn in hiel soad dom geflits. Se bin der al oan wend. En Jehannes Kramer giet wer op bêd. Holskodzjend."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)