Noardlike rjochters hawwe gjin betrouwen mear yn bestjoer

15 des 2015 - 22:19

It grutste part fan de noardlike rjochters hat gjin betrouwen mear yn it rjochtbankbestjoer. Dat stelt rjochter Jan Bartstra yn it Dagblad van het Noorden. Ferline jier moast it kantoarpersoniel fan de rjochtbanken yn Ljouwert en Assen nei Grins ferhúzje. Dat joech in soad ûnrêst mei as gefolch dat it bestjoer de plannen wer ynluts.

Dizze simmer moast de rjochtbank yn Assen útklaaid wurde, mar dat plan helle it ek net. No't it rjochtbankbestjoer op 'e nij om fertrouwen freget is neffens Bartstra de maat fol.

Yn in reaksje seit rjochtbankpresidint Daan Keur dat der sprake is fan in bysûndere situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)