De Fryske Marren stimt yn mei komst krematoarium

15 des 2015 - 21:47

De gemeenteried fan De Fryske Marren is akkoart mei de komst fan in nij krematoarium by Aldehaske. Yn de ried stimde allinnich de PvdA tsjin. Der is in soad ferset tsjin it krematoarium ûnder omwenners. Se binne it net iens mei de lokaasje en binne benaud foar oerlêst.

Boppedat is neffens harren net dúdlik oft der wol ferlet is fan in nij krematoarium. Buertbewenners hawwe dan ek oankundige dat se nei de rjochter stappe. Inisjatyfnimmer Van der Zwaag woe net reageare op it beslút fan de ried en de rjochtsgong fan de omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)