Sjinkie Knegt útroppen ta Sportman fan it Jier 2015
Shorttracker Sjinkie Knegt is yn de RAI yn Amsterdam útroppen ta Sportman fan it Jier 2015. Op it NOC*NSF Sportgala krige de man út Bantegea de priis ûnder oare foar syn wrâld- en Europeesk kampioenskip shorttrack. Springruter Jeroen Dubbeldam en BMX'er Niek Kimmann wienen ek kandidaten foar de titel.