Auto's yn de brân op terrein by Reahel

15 des 2015 - 20:35

By in brân op in bedriuweterrein yn Reahel binne tiisdeitejûn twa auto's folslein útbrând. In auto dy't oan de Meerweg stie, rekke yn 'e brân, nei alle gedachten troch koartsluting. In auto dy't dêrnjonken stie gie ek yn flammen op. In tredde auto hie allinnich lichte skea.

De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Reahel autobrân Meerweg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)