Ryptsjerk krijt yn 2016 in nije haven

15 des 2015 - 19:36

Ryptsjerk krijt takom jier in nije haven. Der komme sa'n tweintich lisplakken, sawol foar doarpsbewenners as foar passanten. De oanlis fan in nije haven is al langer in grutte winsk fan it doarpsbelang. Ek omdat de nije haven oanslút op de nije sloeperûte Bûtenfjild. Dat is de farferbining fan de Grutte Wielen by Ljouwert oan De Swemmer by De Westereen.

Sawol de haven as de nije farrûte moatte yn de rin fan 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)