Ynwenners fan fjouwer Fryske gemeenten betelje hûnebelesting

15 des 2015 - 17:38

Yn mar fjouwer Fryske gemeenten moat dit jier hûnebelesting betelle wurde. It giet om Smellingerlân, Ljouwert, Kollumerlân en It Hearrenfean. Alle oare Fryske gemeenten freegje gjin fergoeding foar hûnebesit. Dat is te lêzen yn de Atlas foar Lokale Lasten.

De measte hûnebelesting moat betelle wurde yn Ljouwert, it giet dêr om goed 66 euro foar de earste hûn. Baaskes yn Smellingerlân betelje 62 euro, op It Hearrenfean giet it om 58,70 en yn Kollumerlân om 56,65 euro. De gemeenten meie sels witte oft se hûnebelesting heffe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)