Stipepunt Mantelsoarch wol winsken fan fersoargers ferfolje

15 des 2015 - 15:12

It stipepunt Mantelsoarch fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen hat de ôfrûne wiken mear as 60 winsken binnen krigen fan mantelsoargers. Dy winsken binne yn novimber ynsammele yn de Wiken fan de Mantelsoarch. De winsken farieare fan in jûntsje der op út en in ballonfeart oant in bytsje mear begryp foar de situaasje fan mantelsoargers. It stipepunt bûget him de kommende tiid oer de winsken, om te sjen hoe't dy ferfolle wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)