Filmargyf krijt bylden oer Dokkum yn Twadde Wrâldoarloch

15 des 2015 - 16:00

It Fries Film Archief hat bysûnder byldmateriaal binnenkrigen oer de Twadde Wrâldoarloch yn Dokkum. De bylden jouwe in byld fan in opfallend rêstige stêd. It giet om filmmateriaal dat sketten is troch Oeds Andries Brouwer yn de jierren 1938-1955.

Brouwer siet yn it ferset en is bekend as de makker fan ien fan de meast bysûndere stikjes oarlochsfilm fan Nederlân: de bekisting fan de 20 slachtoffers fan de fusillearing by Dokkum yn jannewaris 1945.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)