Hearrenfean-fuotballer Thern útskeakele foar dit seizoen

15 des 2015 - 13:53

Simon Thern fan SC Hearrenfean komt dit seizoen net mear yn aksje. Dat meldt de klup op Twitter. De middenfjilder wurdt yn jannewaris operearre oan de foet en moat dêr seis moannen fan opbetterje. Thern hat al langer lêst fan de blessuere en giet no foar de operaasje. De Sweed spile oant no ta yn fjirtjin fan de sechtjin wedstriden mei by SC Hearrenfean. Hy skoarde dêryn trije kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)