NS brûkt tenei offisjele Fryske plaknamme foar treinstasjons

15 des 2015 - 11:12

De treinstasjons fan Dronryp, Feanwâlden en De Westereen hawwe fan takom jier ôf de offisjele Fryske namme. Dat docht bliken út de nije tsjinstregeling fan ferfierder NS, de eigener fan de treinstasjons. No wurde sawol de Nederlânske as de Fryske namme noch omroppen yn de trein.

Yn it ferline waarden ek yn de eardere gemeente Boarnsterhim en yn Tytsjerksteradiel alle stasjonsnammen 'ferfryske'. De Topografyske Wurkgroep Fryslân is der tige oer te sprekken dat hieltyd mear stasjons de Fryske namme krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)