Biskop wol flechtlingen yn tsjerkegebouwen ûnderbringe

14 des 2015 - 22:51

Biskop De Korte sjocht mooglikheden foar it ynsetten fan leechsteande tsjerkgebouwen foar it opheinen fan flechtlingen. Foar Joasef en Maria wie mear as 2000 jier lyn gjin plak yn de herberch fan Betlehem. Nederlân moat derfoar soargje dat der no wol plak is foar flechtlingen. Dat skriuwe de Nederlânske biskoppen yn harren krystboadskip.

Biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert is wurdfierder fan de biskoppen. Hy pleitet foar in 'herbergzame samenleving', dy't de flechtlingen as meiminsken yn need de helpende hân tastekt.

De tsjerke hat it idee fan húsfesting yn tsjerken al earder oanbean oan it Sintraal orgaan Opfang Asylsikers. It COA hie dêr ynearsten gjin belangstelling foar, mar is no wol wer mei de tsjerken yn petear. Mei wat oanpassings binne guon tsjerkegebouwen goed geskikt te meitsjen foar lytsere groepen asylsikers, sa tinkt de biskop. De Korte soe it in 'moaie bestimming' fine foar in tsjerke dy't net mear nedich is foar de earetsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)