Krematoarium Schoterhof driget mei rjochtsaak tsjin gemeente

14 des 2015 - 22:17

As de gemeenteried tiisdeitejûn akkoart giet mei de komst fan in nij krematoarium by Aldehaske, stapt it krematoarium Schoterhof op It Hearrenfean nei de rjochter. Dat seit lokaasjemanager Janet de Vries. Tiisdei wurdt stimd oer it bestimmingsplan.

Frou de Vries fynt dat ferskate saken net doge en Schoterhof skea dogge. Sa soene de besteande krematoaria yn de buert ferâldere wêze en net foldwaan oan de easken fan de moderne konsumint.

De Vries seit dat it net doocht dat de gemeente dy útspraken samar oannimt, omdat de inisjatyfnimmer it seit. Der is gjin ûnôfhinklik ûndersyk dien. Schoterhof sil nei de rjochter stappe, om dochs noch sa'n ûndersyk te easkjen.

"Schoterhof yn kwea deiljocht"

Der binne op it stuit fiif krematoaria yn Fryslân. Dat fan Aldehaske soe it sechsde wurde. Janet de Vries fynt it op himsels gjin probleem dat der inisjatyfnimmers binne dy't in nij krematoarium opsette wolle: mei ûndernimmen en konkurrearjen is neat mis, sa seit sy. Wol fynt sy it skealik dat Schoterhof 'yn in kwea deiljocht steld wurdt'. Doe't it plan foar it krematoarium earder yn de riedskommisje fan De Fryske Marren behannele waard, hat sy har beswieren ek kenber makke.

Protest yn Aldehaske

Der binne mear beswieren yntsjinne tsjin it krematoarium yn Aldehaske. Sa is der bygelyks ek in aksjegroep yn it doarp tsjin it nije krematoarium. Dy aksjegroep is ûnder oare benaud foar ferkearsoerlêst, oantaasting fan it lânskip en risiko's foar de sûnens.

Plannen net skrasse

Neffens boargemaster en wethâlders binne de beswieren gjin oanlieding om de plannen te skrassen. Nut en needsaak soene foldwaande ûndersocht wêze. B&W ferwize dêrby nei it ûndersyk dat troch inisjatyfnimmer Van der Zwaag dien is. Se hawwe dat opnaam as bylage by it bestimmingsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)