Oanspielde walfisk fan Teksel wurdt yn Harns útinoar helle

14 des 2015 - 20:42

Yn de haven fan Harns wurdt tiisdei in walfisk útinoar helle. De dwerchfinfisk is okkerdeis oanspield op Teksel. De dwerchfinfisk is njoggen meter lang en hy waacht 8 ton. It fleis wurdt fan de bonken snijd en it skelet, of in part dêrfan, wurdt dêrnei meinaam foar ûndersyk. Undersyksynstitút Naturalis docht ûndersyk nei walfisken dy't deagien binne.

Wêrom't it bist by Teksel op it strân telâne kaam is, is noch net dúdlik. Mooglik hat dat te krijen mei in navigaasjeprobleem. De universiteit fan Utert docht dêr fierder ûndersyk nei.

Rykwettersteat bepaalt wêr't de ûntleding fan sokke bisten plakfynt. De kar is dêrby op Harns fallen. It snijwurk yn de haven begjint om tsien oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)