Bornia Herne yn Ljouwert hat nije namme krige

14 des 2015 - 18:17

Ferpleechhûs Bornia Herne yn Ljouwert hjit fan no ôf Noorderbreedte-Revalidatiecentrum. De nije namme op de gevel is moandeitemiddei bekend makke. Reden fan de nammeferoaring is dat Bornia Herne assosjearre wurdt mei ferpleechsoarch dy't lang duorret. Dat docht Bornia Herne net mear.

Bornia Herne is no in revalidaasjesintrum wurden. Dat proses is yn 2014 yn gong set. De kliïnten dy't yn de lange ferpleechsoarch sieten, binne mei fersoargers ferhuze fan Bornia Herne nei Abbingahiem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)