Van Zuijlen beëdige as boargemaster Frjentsjerteradiel

14 des 2015 - 21:30

Yn in bysûndere riedsgearkomste is moandeitejûn Eduard van Zuijlen beëdige as boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma naam de eed by him ôf. De 53-jierrige Van Zuijlen folget Fred Veenstra op, dy't no boargemaster is fan De Fryske Marren.

Van Zuijlen wie earder boargemaster yn de Grinslanner gemeente Menterwolde. Dêr stapte er op nei in ferskil fan ynsjoch tusken him oan de iene kant en de wethâlders en gemeenteried oan de oare kant.

Van Zuijlen bliuwt boargemaster oant Frjentsjerteradiel opgiet yn in gruttere gemeente. As alles goed giet, is dat op 1 jannewaris 2018. Van Zuijlen is lid fan GrienLinks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)