Feilichheidsbril tsjin ferwûnings troch fjoerwurk

14 des 2015 - 17:02

Fryske sikehuzen stelle ek dit jier wer fjoerwurkbrillen beskikber. Dy binne fergees of foar in lyts bedrach te krijen. Dêrmei wolle de eachdokters bydrage oan fermindering fan it tal fjoerwurkslachtoffers.

By de ôfrûne jierwiksel rekken yn Fryslân tolve minsken mei ferwûnings nei it sikehûs. It giet om slachtoffers dy't fjoerwurk oanstutsen of as taskôgers oan de kant stienen. By de Dokterswacht binne ek noch goed tweintich minsken behannele. Lanlik reitsje sûnt 2008 sawat tweintich minsken yn it jier blyn troch in fjoerwurkûngelok.

Trefwurden: 
fjoerwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)