Syktocht nei kokaïne yn Noardsee hat neat opsmiten

14 des 2015 - 16:44

De syktocht nei pakketten kokaïne yn de Noardsee by Skylge en Flylân hat neat opsmiten, seit de Kustwacht. Dy hat mei de dûane, Rykswettersteat en de plysje it wetter op west. Dat wie neidat de bemanning fan in skip snein in pear fertochte pakketten driuwen sjoen hie. Nei ûndersyk die bliken dat it om kokaïne giet.

No't de Kustwacht neat fûn hat, wurdt de skipfeart frege om de kommende tiid ekstra wach te wêzen op driuwende pakketten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)