Fernijde spoartunnel Kollumersweach freed offisjeel iepen

14 des 2015 - 16:12

By Kollumersweach wurdt no freed de fernijde tunnel ûnder it spoar troch offisjeel iepene. De tunnel moast flink oanpakt wurde, omdat er de ôfrûne jierren in soad skea oprûn hie troch lekkerij.

De tunnel is hast hielendal nijboud, op it spoardragende stik nei. Dêrfoar moasten de rydbaan en it fytspaad fuorthelle wurde. Doe is de betonflier ferlingd en binne der betonwanden oanbrocht. Dêrnei binne de rydbaan en it fytspaad der opnij ynlein. Al dy tiid moast it ferkear omride. Dat kin nei de iepening op freed wer gewoan troch de tunnel.

Trefwurden: 
spoartunnel Kollumersweach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)