Brêge yn Snits hat grutte skea troch brânstichting

14 des 2015 - 15:32

De skea oan de Dompbrêge oan de Grienedyk yn Snits is folle grutter as tocht. Ferline wike waard op de fytsbrêge ûnder de Dompbrêge brân stichte. It fjoer waard sa hyt dat parten fan de betonnen deklaach en muorre ôfbrokkele binne. De fytsbrêge is foar in part raand. De skea wurdt rûsd op in lytse 100.000 euro.

De gemeente Súdwest-Fryslân hat ien rydbaan op de brêge ôfsletten. It werstel begjint sagau mooglik. Foar de krystdagen moat it wurk klear wêze.

De reparaasje fan de fytsbrêge duorret langer. Dat wurk moat foar takom maitiid klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)