Arie Boomsma praat mei Snitser skoalbern oer taal

14 des 2015 - 14:59

Middelbere skoalle RSG Magister Alvinus yn Snits krige moandei besite fan Arie Boomsma. Hy prate mei de bern fan 5 VWO oer taal. De Nederlânske taal en poëzy stiet ek sintraal yn syn gedichtebondel 'Ik weet niet welke weg je neemt'. Om't it Magister Alvinus in skoalle is dy't in soad omtinken oan literatuer en poëzy besteget, gie Boomsma dêr by del.

Twa jier lyn wie de televyzjepresintator, dy't yn syn jeugd yn Stiens wenne, ek al te gast op de skoalle yn Snits. Boomsma hopet dat de skoalbern mear fariearje yn harren taalgebrûk en faker boartsje mei de taal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)