Keningsbrêge Harns is ticht troch steuring

14 des 2015 - 13:48

De Keningsbrêge yn Harns is tydlik ticht foar it skipfeartferkear. By wurksumheden oan de brêge is moandeitemoarn in kabel rekke. Dêrtroch kin de brêge net betsjinne wurde.

Der wurdt wurke oan in oplossing foar it probleem, mar dat kin wol in pear oeren duorje. De steuring hat gjin gefolgen foar it autoferkear.

Trefwurden: 
Keningsbrêge Harns steuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)