"Ljouwerter festivals driigje te ferdwinen"

14 des 2015 - 13:29

In oantal Ljouwerter (muzyk)festivals stiet op omfallen. Neffens de festivals krije se op it stuit struktureel te min subsydzje en wurdt boppedat te let dúdlik oft se jild krije of net. Dat smyt problemen op mei it programmearjen fan de festivals. Dat seit Mark Hospers, wurdfierder fan tolve gearwurkjende festivals út hiel Fryslân.

Hospers sil dêr moandeitejûn oer ynsprekke by de Ljouwerter gemeenteried. De ried hat dêr al in brief oer krigen.

De need is it heechst by it UIT-festival, dat elk jier hâlden wurdt oan it begjin fan it kultureel seizoen, en by festival Explore the North, dat ferline jier ek al net trochgean koe. Dy festivals driigje definityf te ferdwinen.

Folwoeksen festivalbelied

It ferdwinen fan dy festivals is neffens Hospers yn striid mei de plannen fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Neffens Hospers is it dan ek heech tiid dat Ljouwert en Fryslân in folwoeksen festivalbelied ûntwikkelje, sadat besteande en nije festivals witte wêr't se oan ta binne, ek nei it jier 2018. 

2016 probleemjier

It probleem is foar it jier 2016 ekstra grut, omdat de provinsje foar takommend jier de bydrage oan ferskate festivals ferlege of sels ynlutsen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)