"Mear jildsoargen troch hege soarchkosten"

14 des 2015 - 11:56

Hietltyd mear minsken dy't ferlet ha fan strukturele soarch, lykas thússoarch, komme yn de problemen om't se it net mear betelje kinne. Dat sizze helpynstânsjes. Allinne al yn de gemeente Hearrenfean krije de ferskate organisaasjes fan hûnderten minsken fersiken om help.

De gemeente lûkt minder jild út foar de thússoarch. Minsken kinne dat probleem ûnderfange troch himmelsjeks te keapjen, wêrmei't se sels help ynkeapje kinne. De kosten moatte lykwols foarsketten wurde en dat kinne in soad minsken net betelje.

Neffens helpynstânsje Stichting Houvast melde hjirtroch mear en mear minsken mei jildsoargen har by de Voedselbank.

Trefwurden: 
Himmelsjek soarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)