Manlju mei bivakmûtsen berôvje Boalserter fan syn jild

13 des 2015 - 18:19

In 29-jierrige ynwenner fan Boalsert is sneontenacht oerfallen en fan syn jild berôve. Dat meldt de plysje snein yn in berjocht op har Facebook-side. It slachtoffer rûn om trije oere nachts hinne fan de Harlingerstraat yn syn wenplak nei it Heechhoutpad. By de Sint Jozefbrêge waard er ynienen tsjin de grûn wurke troch twa manlju. Dy easken syn jild.

Nei't de Boalserter syn beurs jûn hie, naaiden de beide dieders út. It slachtoffer ferklearre dat de beide oerfallers bivakmûtsen op hiene en in petsje. Se brûkten allinnich it wurd 'jild'. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
oerfal Boalsert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)