Janpier Brands fan poppoadium Neushoorn wint Fryske poppriis

13 des 2015 - 16:52

De Fryske poppriis is sneontejûn yn Ljouwerter poppoadium Neushoorn útrikt oan Janpier Brands. It is in priis foar persoan, band of ynstelling dy't op langere termyn wat betsjut foar de Fryske popmuzyk.

Brands, direkteur fan Neushoorn krige de priis, fanwege syn ynset by de Popakademy, as begelieder fan kreatyf talint en as direkteur fan Neushoorn. De nije popseal krige juster de 10.000e besiker oer de flier.

In faksjuery fan Popnet, de koepel fan alle Fryske poppoadia bepaalden de priis. Oare nominearden wiene muzikant Arnold de Boer, de band The Cool Quest en it Psy-Fi-festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)