Antoinette de Jong bliid mei nije ploech

13 des 2015 - 15:28

Antoinette de Jong is tige te sprekken oer har nije ploech Team4Gold, mei trainer Rutger Tijssen. De Jong makke dit seizoen de oerstap fan Team Clafis fan trainer Jillert Anema nei de ploech fan Ireen Wüst. "Ruger past persoanlik better by my as Jillert", sei de rydster fan Rottum nei ôfrin fan de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Wol miste De Jong har ploechgenoate Ireen Wüst, dy't har net pleatste foar de wrâldbekerwedstriden. "Dat is spitich, want ik kin noch in hiel soad leare fan Ireen", fûn De Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)