77-jierrige man slacht freondinne it sikehûs yn

13 des 2015 - 13:35

In 52-jierrige frou út Drachten is troch har 77-jierrige freon it sikehûs yn slein. De plysje fûn it slachtoffer sneontemiddei yn de wenning fan de man yn Haren.

De frou hie blauwe plakken en wie kwalik oansprekber. Mooglik lei de frou al sûnt tongersdei yn de wenning. De man út Haren is oanholden. De frou leit yn it sikehûs.

Trefwurden: 
mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)