Amsterdammer oppakt yn Ljouwert foar misdragings

13 des 2015 - 12:36

In man fan 23 jier út Amsterdam is sneontenacht oanholden yn de binnenstêd fan Ljouwert. Hy woe om 4:30 oere hinne in hoarekasaak yn, wylst der nei 3:00 oere nachts gjin nije klanten mear talitten wurde. Wylst de portier yn petear wie, wist de Amsterdammer dochs de kroech yn te kommen.

In oare portier sette him der wer út. De man makke dêrnei rûzje mei de beide portiers. De warskôge plysje makke him dúdlik dat er fuort moast, mar dêr lústere er net nei.

Skoppe

Dêrop krige er proses-ferbaal. Hy woe dêrnei syn ID-kaart net oanpakke fan de plysje. Doe't in plysje it identiteitsbewiis yn syn jasbûse die, pakte de Amsterdammer him by de earm. Hy woe de earm net mear loslitte. 

De plysje naam de man mei nei it buro. Ek dêr wie er ferfelend. Sa skopte er in plysje. De fertochte sit fêst. 

Trefwurden: 
oanhâlding Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)