Opnij sulver yn Shanghai foar Sjinkie Knegt

13 des 2015 - 12:11

Shorttracker Sjinkie Knegt hat op de slotdei fan de wrâldbeker yn Shanghai op 'e nij in sulveren medalje helle. De 26-jierrige ynwenner fan Bantegea moast him yn de finale fan de 500 meter fan it lêste plak ôf nei foaren fjochtsje. Op de finish pakte Knegt noch hast it goud, mar de wrâld- en Europeesk kampioen koe de Sinees Dajing Wu net mear passeare. Sneon pakte Knegt ek al sulver op de 1500 meter.

Suzanne Schulting

Suzanne Schulting fan De Tynje waard fjirde op de 1500 meter. Mei de ôflossingsploech einige se wol op it poadium. Oranje pakte yn Shanghai it brûns, efter Súd-Koreä en Kanada. De Nederlânske ploech bestie neitst Schulting út Rianne de Vries fan Akkrum, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven. 

Relay

Nei it goud ferline wike yn Nagoya, moast Sjinkie Knegt mei Koen Slootweg, Adwin Snellink en Freek van der Wart snein de B-finale ride. Dy wûn Oranje, wêrtroch Nederlân as fyfde klasseard waard. Yn it wrâldbekerklassemint stiet de ploech tredde, achter Sina en Kanada. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)