Plysje siket omstanners dy't twatal út brânende auto hellen

13 des 2015 - 11:36

De persoan dy't sneontejûn om it libben kaam by in ûngelok op de A32 by Aldeholtwâlde, is in 79-jierrige man fan It Hearrenfean. Hy siet mei syn frou yn 'e auto. Dy kaam stil te stean op de sneldyk, nei alle gedachten troch koartsluting. In oare auto mei twa ynsittenden klapte op de wein fan it slachtoffer. 

Beide auto's fleagen yn brân. De ynsittenden wisten mei help fan oaren út harren auto's te kommen. De 79-jierrige man waard troch omstanners befrijd. Der is besocht him te reanimearjen, mar dat slagge net.  

Botbreuk

Ien fan de ynsittenden fan de oare auto moast nei it sikehûs, nei alle gedachten mei in botbreuk. De frou fan it slachtoffer en de oare ynsittenden rekken net ferwûne. 

Slachtofferhelp foar omstanners

De plysje is op syk nei de minsken dy't de ynsittenden fan de twa auto's holpen hawwe. Omstanners hawwe de belutsenen út harren weinen helle. De plysje wol benammen yn kontakt komme mei de minsken dy't in 79-jierrige man fan it Hearrenfean út syn auto befrijd hawwe.

Dizze minsken dy't holpen hawwe, krije slachtofferhelp oanbean at dat nedich is. Ek kinne sy mooglik noch wat fertelle oer de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok A32 slachtofferhelp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)