Aris Ljouwert wint by Amsterdam

13 des 2015 - 01:00

De basketballers fan Aris ha de útwedstriid tsjin Amsterdam mei 73-71 wûn. It like der lang op dat Aris wer tsjin in ferlies oanrinne soe, mar yn it lêste kwart waarden de rollen omdraaid. Dat lêste kwart wie mei 28-18 foar Aris en dat wie krekt genôch foar de fjirde winst fan it seizoen. De Ljouwerters stean no op it sechsde plak. Javier Duren wie opnij de grutte tûke skutter by Aris mei 26 punten.

Trefwurden: 
basketbal Aris Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)