Earste oerwinning foar SC Cambuur, NEC ferslein mei 3-1

12 des 2015 - 23:11

SC Cambuur hat sneontejûn de earste oerwinning fan it seizoen boekt. Thús tsjin NEC waard it 3-1 foar de Ljouwerters. It wie de earste oerwinning foar Cambuur sûnt 5 april.

Bartholmew Ogbeche wie de grutte man by Cambuur. Hy sette yn de 20e minút út in corner fan Xander Houtkoop de 1-0 op it boerd yn in wiet en stoarmeftich Cambuur stadion. Fjouwer minuten letter tikke dyselde Houtkoop de bal efter de eigen keeper: 1-1. Dat wie ek de rêststân.

Yn de twadde helte wie it wer Houtkoop dy't oan de basis stie fan de 2-1. Ut syn frije traap skoarde Ogbeche syn twadde goal. De 3-1 wie in eigen goal fan NEC spiler Santos dy't in ynset fan Byrne achter de eigen keeper skeat.

Cambuur bliuwt 17e, mar fergruttet de foarsprong op de nûmer lêst de Graafschap ta fiif punten. De ploech út Doetinchem ferlear mei 2-1 fan FC Twente.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)