Harkemase Boys wint fan Apeldoorn

12 des 2015 - 16:54

Harkemase Boys, koprinner yn de haadklasse, wûn sneon mei 3-0 yn en tsjin Apeldoorn. De ploech fan trainer Jan Vlap kaam al nei 2 minuten op foarsprong troch in treffer fan Arton Musliu. Op slach fan rêst krige Robert Stelpstra in goede kâns, mar hy koe net skoare. Nei rêst hiene de Boys hâlden en kearen om Apeldoorn op de nul te hâlden. Mei syn twadde treffer soarge Musliu foar ferromming. Oebele Schokker tekene foar de einstân.

It is de tsiende winst foar de Harkiten, dy't oan kop gean yn de haadklasse C mei 31 punten út 12 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)