Drachtster Boys thús ûnderút tsjin VVOG

12 des 2015 - 16:29

Drachtster Boys ferlear sneon mei 5-0 fan VVOG. Op eigen fjild kamen de Boys nei 11 minuten spyljen op efterstân. De gasten út Harderwijk fersulveren in strafskop nei hands fan Richard Hamstra op de doelline. Binnen it healoere stie der 0-3 op it boerd. Op slach fan rêst moasten de Boys mei 10 man fierder, doe't Bachuna read krige. VVOG fersulvere boppedat in twadde penalty. Nei it skoft spilen de gasten út Harderwijk de wedstriid kalm út en skoarden noch ien kear.

It is it 11e ferlies foar Drachtster Boys, dat noch altyd op 2 punten stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)