Marrit Leenstra tredde op 1000 meter by wrâldbeker yn Thialf

12 des 2015 - 14:43

Marrit Leenstra is sneon as tredde einige op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. Yn it fernijde Thialf sette de rydster út Wikel in tiid fan 1.15.77 op it boerd. Dêrmei wie se rom in sekonde stadiger as winneres Brittany Bowe út Amearika. Bowe klokte in winnende tiid fan 1.14.49. Heather Bergsma-Richardson pakte it sulver mei har tiid fan 1.15.33. Margot Boer einige mei 1.16.85 teloarstellend as trettjinde.

Mei har tredde plak op de 1000 meter is Leenstra wis fan in ticket foar it WK ôfstannen yn Kolomna takom jier.

By de manlju gong de winst nei de Rus Pavel Kulizhnikov mei in winnende tiid fan 1.08.16, in baanrekôr. Twadde waard lângenoat Denis Yuskov (1.08.59). Kjeld Nuis pakte in knap tredde plak mei 1.08.61. Gerben Jorritsma fan Diever einige mei 1.09.01 as achtste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)