Parten fan koelkontener spiele oan op Flylân

12 des 2015 - 14:11

Op it strân fan Flylân binne twa dielen fan in koelkontener oanspield. De dielen leine net fier fan mekoar op it strân tusken it Posthuys en it militêre kamp. De konteners binne neffens jutter Dirk Bruin fan it kontenerskip Star First, dat by in stoarm meardere konteners kwytrekke.

Guon konteners binne werom fûn by Calais en Boulogne-sur-Mer. It is net bekend hoefolle konteners oft kwyt binne.

Trefwurden: 
Flylân konteners
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)