Feu en Champino yn Drachten bliuwe hiel desimber ticht

12 des 2015 - 11:04

De twa diskoteken Feu en Champino yn Drachten bliuwe de hiele moanne ticht. Dat betsjut dat der gjin feesten binne mei de Krystdagen en Ald en Nij. In moanne lyn moasten beide saken de doarren slute neidat de gemeente Smellingerlân in hoarekafergunning wegere hie.

Eigener Van Bodegom sei doe dat Feu en Champino yn Drachten wierskynlik definityf tichtbliuwe as beide saken foar de feestdagen net iepen gean. De ynkomsten yn de drokste wiken fan it jier kinne net mist wurde. It is net dúdlik hoe't it no komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)