Plysje hâldt drankkontrôle yn Wolvegea

12 des 2015 - 10:56

By in alkoholkontrôle yn Wolvegea binne freedtenacht sân drankriders trappearre. Ien fan de bestjoerders hie safolle dronken dat er syn rydbewiis ynleverje moast. In twadde bestjoerder ried, wylst syn rydbewiis net langer jildich wie. By de kontrôle oan de Om den Noort moasten 374 bestjoerders blaze.

Trefwurden: 
plysje Wolvegea kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)