Auto rekket fan de A7 yn de sleat by Aldehaske

12 des 2015 - 10:33

Op de A7 tusken It Hearrenfean en De Jouwer is sneontemoarn om acht oere hinne by Aldehaske in auto yn it wetter bedarre. De auto kaam op de sydkant yn de sleat neist de autodyk. De trije ynsittenden koene sels út de auto komme. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
plysje auto A7 Aldehaske
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)