Plysje Drachten slingeret 100 fytsers op 'e bon

11 des 2015 - 20:55

De plysje hat yn Drachten freedtemoarn op fiif lokaasjes fytsljocht kontrôles útfierd. Fan de 1500 fytsers dy't de plysjes passearden, hawwe 100 in boete krigen foar it net hawwen fan baarnende fytsferjochting.

Fytsers oant en mei 15 jier krigen in boete fan 28 euro. Oan fytsers âlder as 15 waarden boetes útdield fan 55 euro. Foar de kommende perioade steane der noch mear fytskontrôles pland, sa falt te lêzen op de Facebook-side fan de Plysje East-Fryslân.

Trefwurden: 
fytsljocht kontrôle Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)