Jorrit Bergsma wint mei efterfolgingsploech by 'comeback'

11 des 2015 - 20:44

Reedriders Sven Kramer en Jorrit Bergsma hawwe, mei Jan Blokhuijsen, freedtejûn de ploege-efterfolging wûn by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. It trijetal wûn yn in tiid fan 3.43.77.

Jorrit Bergsma ried foar it earst sûnt jierren wer mei yn de ploech. "Ik haw der in goed gefoel oer. It wie efkes wenne, want ik haw lange tiid net mei de jonges riden. It is moai om hjir wer diel fan út te meitsjen", sa seit Bergsma.

Ald sear

It âld sear heart neffens de stayer ta it ferline. Bergsma stelde himsels foarich seizoen net beskikber foar de ploege-efterfolging, om't er him by de lêste Olympyske Spelen passeard fielde troch de doetiidske bûnscoach. Hy is der no dus wer by en tinkt dat de Nederlânske ploech dit seizoen noch wol wat hurder kin as se wat faker meielkoar traind hawwe.

Wrâldbekerklassemint

De manlju út Noarwegen waarden yn Thialf twads yn 3.44.66 en de Russen einigen as tredde yn 3.46.24. Troch de winst, stiet Nederlân mei Súd-Koreä no dield earste yn it wrâldbekerklassemint. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)