Marit & Nigel twads by minderhedesjongfestival Suns Europe

11 des 2015 - 23:44

Marit & Nigel binne twadde wurden op it minderhedesjongfestival Suns Europe yn it Italiaanske Udine. It earste plak wie foar Me+Marie út Switserlân. It festival waard freedtejûn hâlden yn it útferkochte Nuovo Giovani da Udine. Marit & Nigel, de winners fan Liet 2015, kamen as lêste fan de tsien dielnimmers yn aksje mei harren liet 'Libbenstier'. Op de webside fan de organisaasje koe it publyk stimme op it bêste nûmer.

Foar Omrop Fryslân wie ferslachjouwer Onno Falkena by it ynternasjonale festival. Hy die ferslach op Twitter.

Trefwurden: 
Marit & Nigel Suns Europe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)