Krystpakket oer? Ruilje it yn foar in teaterkaart

11 des 2015 - 16:17

Minsken dy't gjin ferlet fan in krystpakket ha, mar der wol ien krigen ha, kinne it ynleverje by teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. Se krije dan twa kaartsjes foar in foarstelling kado.

De Koornbeurs jout de krystpakketten oan de Voedselbank. Dy soarget derfoar dat se in goeie bestimming krije. De krystpakketten kinne by it teater ynlevere wurde op 22, 23 en 29 desimber, middeis tusken 13.00 en 16.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)