Nije skoalle op Flylân presintearret namme 'De Jutter'

11 des 2015 - 13:04

In tapaslike namme foar in skoalle op in waadeilân. Freedtemoarn waard yn it nije skoalgebou op East-Flylân de namme 'De Jutter' presintearre. De bern krigen de nije namme te hearren op in spesjale gearkomste. Goed 130 minsken brochten al earder harren stim út.

Yn novimber 2014 sette de bou fan de nije skoalle útein. Sûnt 23 novimber fan dit jier folgje de bern fan it VMBO harren lessen al yn it nije gebou. Ynkoarten fêstigje ek de biblioteek Flylân, in basisskoalle en in berne-opfang harren op de lokaasje.

Trefwurden: 
Flylân skoalle De Jutter namme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)