Cambuuroanfierder Overgoor is te wurch om te spyljen

11 des 2015 - 10:27

SC Cambuur moat it de lêste twa kompetysjeduels foar de winterstop dwaan sûnder oanfierder Sjoerd Overgoor. De middenfjilder is te wurch om te spyljen, sa meldt de klup. Overgoor spile oant no ta 14 fan de 15 kompetysjewedstriden. Hy skoarde twa kear.

Cambuur spilet sneon tsjin NEC en snein 20 desimber tsjin Excelsior. Cambuur stiet 17de, mei 7 punten.

Noch twa spilers blesearre

SC Cambuur mist sneon tsjin NEC noch mear spilers. Ek Sander van de Streek en Furdjel Narsingh binne blessearre. Keeper Leonard Nienhuis docht wol wer mei.

Opstelling

De opstelling: Nienhuis op 'e goal, ferdigening Peersman (rjochtsback), Dammers, Van der Laan en Vytas. Middenfjild Bakker, Byrne en Monteiro. De oanfal bestiet út Rosheuvel, Ogbeche en Houtkoop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)