Ofbou needopfang WTC is tiisdei klear

11 des 2015 - 10:21

De ôfbou fan de needopfang yn it WTC yn Ljouwert nei 400 minsken is tiisdei klear. Freed giet der wer in groep fan 30 minsken fuort en sneon en moandei nochris twa groepen. Tiisdei soe it tal flechtlingen yn it WTC dan op 400 sitte. Dy kinne dan aanst oer nei it gebou oan de Heliconwei.

Dêr wurdt no hurd wurke om it Helicongebou om te bouwen ta needopfang. Op 3 jannewaris moat it WTC hielendal leech wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)