Kollum: ''Bin jo wol perfekt?''

11 des 2015 - 08:58

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

''Soms tink ik dat je yn ús lân perfekt wêze moatte. In moai glêdstrutsen robotsje dy't noait in foutsje makket. Oars krije je straf. No bin jim lústeraars (harkers) frij perfekt fansels, mar jim kollumniste lit noch wolris in stekje falle.

Bytiden ferjit ik wol ris wat. In rekken dy’t ûnderop de stapel lei. De kat dy't nei de bistedokter moat foar syn jierlikse prústprikje. Jild yn de parkearmeter. Dêrom ha ik in apart ferjitbeurske.

Fan 'e wike gong it in nivootsje heger. Ik rekke ferstrikke yn in 'ik-ha-in-foutsje-makke-en-rin-krekt-tsjin-de-ferkearden-oan' momint.

It sit sa. Myn earste auto, in lyts griis, lillik Toyotaatsje, soe ik ynruilje. It hat it autoke van opa Wessel west. Opa Wessel wie in hiele leave pake út Drinte mei grutte hannen en in hease stim. Boer west en dêrtroch noch altyd in blos op de wangen. Omdat ik fan wie fan opa Wessel wie ik ek gek mei de lillike Toyota. Der leinen noch kassettebantsjes yn mei muzyk fan tsjerkekoaren derop. Yn de kofferbak in Perzysk kleedsje, dat presys paste.

De antenne is er by Snits ris ôfbrutsen troch in steltsje rotsekken, dus ik ha jierren nei ferskate kassettebantsjes lústere. Sa as myn eigen mixtapes. En dat je ynienen de 'roepie-roepie'-fûgel hearre. Mar it autoke fan opa waard te lyts. Tiid foar wat nijs. 

“Gefeliciteerd met uw nieuwe auto!”, sei de autoferkeaper blier. “U krijgt geen groene papieren meer, maar een pasje. Alstublieft.” Moai, tocht ik. Hy hie it ek noch oer in autofersekering, mar ik sloech der gjin acht op. Ik hie al in fersekering en klear. 

Sa grutsk as in pau glide ik mei myn nije auto nei Fryslân. Mar doe’t ik wêr thús wie, hie ik binnen de koartste kearen in parkearboete. Yn myn eigen strjitte. De parkearfergunning stie noch op it Toyotaatsje. Ferjitten te feroarjen: 58 euro, ketsjing. 

Pear wiken letter. Brief fan de RDW. Dat myn auto net fersekere wie. It wie in freonlik briefke. Miskien wie ik feroare fan auto en ferjitten myn nije kenteken troch te jaan? Ja, dat kloppet, tocht ik. De fersekering stjit noch op myn âlde autoke. Om ien of oare reden tocht ik dat it automatysk feroare wie. Alles giet in Nederlân hast automatysk. Se witte dochs ek direkt dat ik in oare auto ha? Wie net sa.  

Dus ik direkt myn autoferserkeringsmaatskippij maile. En myn nije kenteken trochjaan en direkt it ferskil betelje. Belje kin net, alles giet online. Mailtsje fan de fersekerder. Wêrom ik net DIREKT myn nije kenteken trochjûn hie. Tsja, moast ik no earlik wêze oer myn eigen dommens? Ik sei, nei wierheid: “Ik hie der net oan tocht. Mei beste groeten, Nynke Sietsma.”

Wer in mailtsje: ‘Waarom hebt u pas in november uw verzekering aangepast?” Ik wer beäntwurdzje mei: “Sorry, ik was het vergeten.” Doe’t de direkteur fan dizze fersekeringsmaatskippij deselde fraach foar de tredde kear frege, waard ik wat melich. Ik beäntwurde joalich mei: hallo, bent u daar alweer? Dat wie grif ferkeard. Ik folgjende mailtsje wie drastysk: “Omdat u hebt verzuimd niet direct uw nieuwe kenteken door te geven, zijn wij genoodzaakt uw verzekering te beëindigen.” En dus bin ik royearre. Troch in lyts foutsje, dy’t ik tajoech. Wol ja. Smearlappen. Dyselde dei krige ik ek noch in parkearboete út Amsterdam. 

Gelokkich ha ik dat beurske. Foar ûnferwachte ferjitlikheid. Foar boetes. Foar lêstige genadelease regelneven. Myn taktyk: it ferlies akseptearre en nea mear oan tinke. Dan docht it ek gjin sear.'' 

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)